Mearke Winsum 3.44

4.8 star(s) from 44 votes
MFC De Helling, Skâns 12
Winsum, 8831 XS
Netherlands

About Mearke Winsum

Mearke Winsum Mearke Winsum is a well known place listed as Non-profit Organization in Winsum , Theater in Winsum ,

Contact Details & Working Hours

Details

Toanielferiening Advendo út Winsum hat de trie wer oppakt fan de tradysjonele Sinteklazemearkes yn de gemeente Littenseradiel. Eartiids waarden dy spile troch learkrêften foar de skoallebern. Oan dizze tradysje wie troch omstannichheden yn 1994 in ein kaam.

Advendo hat in nagelnije tradysje foarmjûn, mei âlde mearkes ferpakt yn in hjoeddeiske foarm. Hja spilen al langer mei de gedachte om it Sinteklazemearke wer op priemmen te setten, en mei de komst fan it nije Multifunksjonele Sintrum De Helling - en dêrtroch in skitterjende lokaasje hjirfoar - is dit ta útfiering kaam.

Spilers komme út hiel Littenseradiel en omlizzende gemeenten. Sy hoege net mear wurksem te wêzen yn it ûnderwiis.

Foarnaamste fernijings binne de moderne, flot skreaune toanielstikken en de it gebrûk meitsen fan nijerwetse, technyske middels.