Lân fan Taal 2.8

Leeuwarden,
Netherlands

About Lân fan Taal

Lân fan Taal Lân fan Taal is a well known place listed as Community Organization in Leeuwarden ,

Contact Details & Working Hours

Details

Yn Fryslân ûntstiet it earste publykssintrum foar meartaligens fan ’e wrâld: Lân fan Taal. In plak dêrst taal yn de breedste sin fan it wurd meimeitsje kinst. Dêrst oansprutsen wurdst op dyn persoanlike skiednis en belibbing. Dêrst boppedat sels oan bydraachst troch it ynbringen fan wurden, reaksjes en miskien sels projekten.
De haadûnderdielen: in klopjend hert yn Ljouwert, in taalkaravaan dy’t troch de provinsje Fryslân reizget, edukative projekten op en bûten skoallen, en in (digitale en online) ‘Wrâld fan taal’.
Lân fan Taal is in wichtich en trochrinnend ûnderdiel fan Ljouwert-Fryslân Kulturele Haadstêd fan Europa 2018. Gâns ynstituten en persoanen yn Fryslân en (fier) dêrbûten arbeidzje meielkoar op om minderheidstalen in takomst te jaan. It kennissintrum, de ynbring fan dielnimmers en de Taalekspo – yn in nij, opfallend gebou – bliuwe nei 2018 bestean.